Jappie Visser hat roerklik De Sneker Pan ophelle by fynder

13 aug 2019 - 18:09

Skipper Jappie Visser fan De Sneker Pan hat tiisdei de roerklik ophelle. Se wiene it ynstrumint ferlern by de SKS-wedstriid op de Snitser Mar en moandei melde Erwin Parmentier fan Hurdegaryp dat er de roerklik fûn hie. Visser hat 'm tiisdei yn ûntfangst nommen.

Erwin Parmentier en Jappie Visser mei de roerklik - Foto: Erwin Parmentier / De Sneker Pan

De Sneker Pan wie de roerklik ferlern nei in oanfarring by de lêste wedstriid om it SKS-kampioenskip. Trije dagen wie it fersiersel kwyt. In oprop op Facebook smiet wol in soad reaksjes op, mar noch net de gouden tip.

Besef nei ferhaal Visser

Moandei kaam alsnoch it ferlossende wurd: Visser die syn ferhaal by Omrop Fryslân. Dat waard oppikt troch Erwin Parmentier fan Bootcentrum Geertsma. Hy hie freed al wat driuwen sjoen op de Snitser Mar, mar wist doe noch net wat it wie. Pas doe't er Visser op Omrop Fryslân hearde, kaam it besef.

Parmentier naam kontakt op mei Visser en fertelde him dat de roerklik dus terjochte wie. Visser hat tiisdei by Parmentier syn wurk yn Grou west om de klik op te heljen. De Sneker Pan betanket elkenien dy't meitocht en meisocht hat.

(advertinsje)