Net eltse boer hâldt him oan meldplicht wetterputten by Drents-Friese Wold

Ut ûndersyk fan Wetterskip Fryslân docht bliken dat der om it Drents-Friese Wold hinne mear putten brûkt wurde om grûnwetter op te pompen, dan dat der registrearre binne. Der binne 55 putten, en inkeld 30 binne bekend by it Wetterskip.
© ANP
Net elts bedriuw hâldt him dus oan de meldplicht. Ferline wike waard der ûndersyk dien nei it oppompen fan wetter foar boerelân yn de omjouwing. Troch de drûchte is der nammentlik noed oer de gefolgen foar de natuer fan it wettergebrûk.

Gefolgen natuer ûndúdlik

Wetterskip Fryslân hat 16 bedriuwen yn in straal fan 1.500 meter om it Drents-Friese Wold hinne besocht. Dy brûke tegearre 30 putten om wetter út de grûn te krijen, en dy putten binne registrearre. Mar der binne dus ek 25 putten net oanjûn. Dêrtroch binne ek de gefolgen foar de natuer noch ûndúdlik.
It Wetterskip jout oan dat boeren goed meiwurken oan de ynventarisaasje. De organisaasje ropt no bedriuwen op dy't net-registrearre putten brûke, dizzen te melden.

Oanlieding foar mear ûndersyk

It deistich bestjoer hat no in foarstel dien mear ûndersyk te dwaan nei it ûntlûken fan grûnwetter, dat sil yn it neijier fan 2019 behannele wurde.