Proef mei mais sûnder gemyske middels en mei minder skea oan feangreide

13 aug 2019 - 13:26

By de Fjûrlânswei achter Aldeboarn wurdt dit en takom jier besocht mais te ferbouwen op feangrûn sûnder dat dy grûn dêrtroch ekstra sakket en sûnder gemyske middels lykas glyfosaat. De feangreidegebieten binne kwetsber en de ynfloed fan de lânbou is grut.

Mais - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Mais yn feangreidegebieten soarget foar problemen, omdat de grûn dêrfoar oer de kop helle wurdt. Troch bleatstelling oan de loft lost it fean eins op. Dêrtroch komt der ek in hiel soad CO2 frij.

Lessen út lûke

Oer it spuitsjen fan glyfosaat om it gers dea te krijen, is ek in soad diskusje. Mei troch drûchte en oare oarsaken stiet de mais yn de proeffakken der no net goed by. "It liket wol in rampefilm", seit Sytze Waltje fan advysburo DLV Advies. "Mar mei de lessen fan dit jier is de ferwachting dat it takom jier stikken better giet."

Mulchen

Leanwurker Anthony Brak ferwachtet in soad fan de kombinaasje fan in alternative, natuerlike stof dy't it glyfosaat ferfange moat. Hy hopet ek dat it saneamde 'mulchen' ha sil. Dêrby moat in laach lytse gerssnippers op de grûn derfoar soargje dat it gers net fierder omheech komt.

(advertinsje)