Konserten op Skiermûntseach ferbean: 'gemeente hâldt gjin rekken mei omwenners'

De optredens dy't The Rolling Beat Machine tongersdei- en freedtejûn jaan soe op Skiermûntseach, meie net trochgean. Dat hat de rjochter yn in 'foarriedige foarsjenning' bepaald. Neffens de rjochter hâldt de organisaasje mei de lûdsnoarmen net genôch rekken mei de omwenners.
© Shutterstock.com
Earder hie de gemeente ûntheffing fan de lûdsnoarmen jûn oan de Toxbar, dêr't The Rolling Beat Machine spylje soe. Dat rjocht hat in gemeente ek, seit de rjochter. Mar oan dy ûntheffing hat de gemeente gjin goede grinzen ferbûn oan it lûd. Der hat ek gjin ûndersyk west nei it lûd dêr't omwenners mei te krijen ha. Dat jout de gemeente ek ta: der is gjin ekspertize op it mêd fan lûd.

Belangen omwenners negearre

De rjochter fynt dat de gemeente by it ferlienen fan de ûntheffing gjin rekken holden hat mei faktoaren, lykas hoe lûd oft de muzyk wêze kin en wêr't de meast neiste 'lûdsgefoelige' wenning is. Dêrmei hat de gemeente de belangen fan omwenners net yn de gaten holden.
Dat wylst dy omwenners wol in pear kear frege ha om omtinken te jaan oan de lûdsoerlêst. Der is net goed nei belangen fan dy omwenners sjoen, fynt de rjochter. It eardere beslút foar lûdsûntheffing is neffens de rjochter net soarchfâldich nommen.