Gemeentehús ûntromme nei brân

05 jul 2012 - 10:13

It gemeentehûs fan Dantumadiel yn Damwâld is woansdeitejûn ûntromme fanwege in middelbrân. It gie lykwols net om in echte brân, mar om in grutte oefening foar de bedriuwshelpferlieners mei de brânwachtkorspen fan Damwâld en Dokkum, de ambulânsetsjinst en de plysje.

Der waard in middelbrân neispile mei ferwûnen en fermisten. De oefening is goed ferrûn.

(advertinsje)
(advertinsje)