Frijwilligers út skoutinggebou yn Oranjewâld helle fanwege frjemde lucht

13 aug 2019 - 10:00

De brânwacht hat yn Oranjewâld njoggen frijwilligers út it gebou fan de skoutingferiening weihelle. Der waard troch minsken in frjemde gaslucht rûkt. It die bliken dat de geur fan in lekkende tank fan in scooter kaam, dy't bûten ûnder in oerkapping stie. De 200 bern fan de skouting wiene net yn it gebou.

It skoutinggebou yn Oranjewâld - Foto: Google Street View

De bern wiene op it momint fan de melding bûten oan it boartsjen en har oan it ynskriuwen foar de aktiviteiten.

Eltsenien koe nei in mjitting fan de brânwacht wer feilich nei binnen. De bern binne yn Oranjewâld foar in spulwike.

Trefwurden: 
scooter Oranjewâld gaslucht
(advertinsje)
(advertinsje)