Tijme van Dijk bliuwt takom seizoen by basketbalklup Aris

13 aug 2019 - 09:46

Tijme van Dijk bliuwt takom seizoen foar basketbalklup Aris spyljen. Hy is de alfde kontraktspiler dy't fêstlein is foar de Ljouwerter klup. Neffens Aris hat de 21-jierrige Van Dijk, dy't de posysje fan guard yn it spul is, in moaie ûntwikkeling trochmakke.

Tijme van Dijk - Foto: Aris Leeuwarden

De seleksje foar it takom seizoen bestiet út âlde en nije gesichten. Bekenden binne Tönjann, Koopmans, Osaikhwuwuomwan, De Vries en Van Dijk. Nije spilers yn it Kalverdijkje binne Hoeve, Dedecker, Idowu, Brandsma, Mikalauskas en Mazurczak.

Trefwurden: 
Ljouwert Aris Tijme van Dijk
(advertinsje)
(advertinsje)