Fiets4Daagse Appelskea fiert jubileum mei muzyk en elektryske fytsen

13 aug 2019 - 08:57

Tiisdei is de 40ste fytsfjouwerdagetocht yn Appelskea úteinset. De organisaasje is tige wiis mei it jubileum fan Fiets4Daagse Appelscha. By de start en by kontrôleposten is der muzyk en boppedat is der in ferlotting fan in e-bike. De organisaasje sjocht nammentlik dat der hieltyd mear minsken op in elektryske fyts meidogge oan de tocht. "De measten binne elektrysk, ik tink wol 70-80 persint," fertelt bestjoerslid Reitse van der Kuip fan Stichting Fietsvierdaagse Appelscha.

Fiets4Daagse Appelscha - Foto: Omrop Fryslân

Elts jier binne der sa'n 2.000 oant 2.500 fytsers dy't dielnimme oan de tochten. De dielnimmers komme út it hiele lân wei. Tiisdei giet de fytstocht by Donkerbroek, Wynjewâld, Haulerwyk, Easterwâld en Bakkefean del. Op de rûte binne der trije stimpelposten.

Reitse van der Kuip: "Ik bin hjir foar it begelieden, foar de betellingen foar moarn en foar de ynskriuwingen. En aanst sil ik in rûntsje dwaan. As der bygelyks ien maleur hat, haw ik in fyts efter de hân."

Der binne wat ekstra's fanwegen it jubileum. "Wy traktearje de minsken eltse dei op wat bysûnders. Der is no eltse dei muzyk, ûnderweis binne der sjongers by de stimpelposten: lokale sjongers, en oan de ein fan de wike ek in bekende Fryske sjongster", ferklapt Van der Kuip.

It waar sit tiisdei net hielendal mei, der is wat rein yn de provinsje. "Meestal is er mooi weer, nu iets minder. Maar het warme weer van drie weken terug, daar wordt je ook niet blij van," seit vice-foarsitter Wim Oosterloo. Hy is sûnt 1990 bekend as lokale waarman. "Het zag er niet zo best uit. Ik heb sinds 21 juni nog maar 26 mm regen, het was heel droog hier."

Sûnt 1979

Der binne ûngefear 50 frijwilligers dy't de Fiets4Daagse begeliede. De organisaasje is yn hannen fan Stichting Fietsvierdaagse Appelscha. Yn 1979 waard de earste fjouwerdagetocht holden, doe organisearre troch Pleatslik Belang en VVV Appelskea mei de pleatslike fytsmakker Tjeerd de Jong. Op 7 july 1988 is der in stichting opset dy't de eardere kommisje ferfong. Stichting Fietsvierdaagse Appelscha is der om it fytstoerisme yn en om Appelskea te begeunstigjen.

(advertinsje)
(advertinsje)