Reedrydmuseum Hylpen lit frijwilligers helpe om argyf te digitalisearjen

13 aug 2019 - 06:46

Op de webside FryskeHannen is in nij crowdsourcing-projekt opset: 'Wie schaatst daar?' Frijwilligers en reedrydkenners dy't meidwaan wolle, binne frege om online foto's en oar digitalisearre materiaal van it reedrydmuseum yn Hylpen te beskriuwen.

It reedrysmuseum yn Hylpen - Foto: Wikimedia Commons

Schaatsmuseum Hindeloopen hat in grut ferskaat oan argyfmateriaal: fan foto's, knipsels en brieven oant redens, stimpelkaarten en medaljes. Yn totaal binne der 13.786 scans en foto's makke fan it materiaal út de kolleksje.

Yn 2016 waard al in begjin makke mei it digitalisearjen, argivaris Mark Hilbert wie dêr troch de wike hast alle dagen mei dwaande.

Wat stiet der op de foto of scan?

It Hylper museum skeakelt no it publyk yn om de scans te beskriuwen. Hokker reedrider stiet der op in foto? Wannear is in foto makke? En wêr is de foto krekt makke? Dielnimmers krije de mooglikheid om in prikker op de lokaasje yn Google Maps te setten, sa't it museum yn de takomst bygelyks minsken in Alvestêdetocht op 'e nij belibje litte kinne.

De meast aktive frijwilligers wurde yn it museum útnûge foar in spesjale rûnlieding troch it museum en it argyf.

FryskeHannen is in webside fan it Frysk histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar. Op FryskeHannen rinne noch twa projekten: 'Heden is overleden...' wêrmei't gegevens út âlde ferstjerakten trochsykber makke wurde en 'Omroplûden,' wêrmei't bânhoezen en yndeksfellen mei ynformaasje oer digitalisearre radio- en telefyzjeopnamen fan Omrop Fryslân útskreun wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)