Troch brân by De Brekken op 'e Lemmer soad skea oan opslach en keuken

13 aug 2019 - 13:08

De brânwacht fan De Lemmer is tiisdeimoarn útriden foar in koarte, fûle brân yn de opslach fan restaurant De Brekken op 'e Lemmer. Mei help fan twa tankweinen hie de brânwacht it fjoer fluch ûnder kontrôle. De brân duorre mar koart, mar dochs is benammen de reekskea grut by it restaurant. "De opslachromte en de keuken hawwe in opdonder hân, benammen de opslachromte is nei de filistijnen en de foarried is fuort. Yn de keuken moat alles gemysk reinige wurde," seit eigener Albert Wessels.

Restaurant De Brekken op 'e Lemmer - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De reekûntwikkeling hat foar in soad skea soarge yn it kompleks. Neist it restaurant binne dêr ûnder oare it kantoar fan Aqua-State Vakantiewoningen en WSC De Brekken fêstige, it wettersportsintrum foar de jachthaven. Oer de oarsaak fan de brân kin de brânwacht noch neat sizze.

Reekplommen út it dak

"Wy waarden belle troch de alarmsintrale dat der brân wie. wy wiene der frij snel en it like net bêst: grutte swarte reekplommen út it dak. Dat tsjut mar op ien ding en dat is brân. Dus as de soademiter sjen oft wy earne wetter wei krije koene en de brânwacht belje," fertelt Albert Hessels.

Der waard mei in túnslang en in brândwêster besocht om it fjoer út te krijen oant de brânwacht der wie. "Aldergeloks wie de brânwacht gau op it plak."

Brân op in min momint

De brân kaam op in min momint: it heechseizoen. "It is hartstikke drok, der binne hjir in soad minsken op fakânsje. Ek komme der in soad Lemsters, wy hawwe in grutte regiofunskje," seit Hessels. Hy is bot oandien. "Wer los, dat is it iennige wat wy wolle."

Wer iepen

"It is net te leauwen hoefolle help wy oanbean krije. Wy moatte de skouders der gewoan ûnder dwaan. Der moat in skjinmakkersbedriuw komme. It losse guod sil meinaam wurde nei in gemyske waskstrjitte." Hessels wol dit wykein besykje provisoarysk wer iepen te gean mei help fan barbecues of bûtenkeukens.

Eigener Albert Hessels fan De Brekken oer de brân

Trefwurden: 
De Lemmer brân De Brekken
(advertinsje)
(advertinsje)