Wenweinbewenners Smellingerlân poerlik: "Wij voelen ons niet welkom"

12 aug 2019 - 21:26

De wenweinbewenners yn Smellingerlân binne poerlilk op de gemeente. Foar de simmer soe der nei 20 jier lang om let in beslút naam wurde oer mear steanplakken, mar neffens wurdfierder Antonio Corpier is der hielendal neat bard. "De emotionele blijdschap van december vorig jaar is omgeslagen naar verdriet en ongeloof. We zijn hier blijkbaar niet welkom."

Wurdfierder Antonio Corpier - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

It kolleezje fan de gemeente Smellingerlân waard yn desimber troch de ried opdroegen serieus ûndersyk te dwaan nei in tal nije steanplakken en de wenweinbewenners foar de simmer útslútsel te jaan oer dizze plakken. Neffens Corpier docht no bliken dat de gemeente noch hielendal neat dien hat.

De projektlieder fan de gemeente soe dermei opholden wêze, wêrtroch't it hiele proses fertraging oprûn. Mar ek doe't der in opfolger wie, bleau it lang stil. Yn april hat der noch oerlis west, lit Corpier witte, mar dêr is hy lilk útstapt, doe't dúdlik waard dat de gemeente noch neat dien hie.

"We zijn er klaar mee"

Sûnt dy tiid hat er neat mear heard. "Wij zijn er klaar mee en worden er moedeloos van. Het liefst verhuis ik naar een andere gemeente, waar we wel welkom zijn." Dochs smyt Corpier de doar noch net folslein ticht. "Mocht de politiek nog wat willen, dan wil ik best nog eens praten. Maar het vertrouwen is weg."

By de gemeente Smellingerlân wie noch nimmen berikber foar in reaksje.

Antonio Corpier oan it wurd

(advertinsje)
(advertinsje)