Skipper Zwaga bot skrokken fan ûngelok op skûtsje: "Je binne wol efkes fan it paad"

12 aug 2019 - 20:57

In bemanningslid fan it skûtsje Waaksdom hat snein, by it IFKS-kampioenskip yn de Grutte A-klasse yn Ealahuzen, slimme ferwûnings oprûn troch in klapgyp. It skûtsje fan skipper Ulbe Zwaga moast it spul dêrom earder ferlitte.

It bemanningslid fan de Waaksdom rûn in holwûne op nei't er in klap krige fan de gyk. It skûtsje waard nei de wâl brocht, dêr't de helptsjinsten klear stiene. De man waard reanimearre en nei it sikehûs brocht.

"It is gelokkich goed mei dy jonge ôfrûn, mar je skrikke der wol ferskriklik fan fansels", fertelt skipper Ulbe Zwaga mei in soad emoasje. "We wiene efkes syn pols kwyt en de dokter befêstige dat. Dan binne je wol efkes fan it paad."

Harsenskodding

It bemanningslid hat in slimme harsenskodding oprûn, mar yntusken is hy wer thús. "Hy hat in wûne fan sa'n 10, 15 sintimeter oan 'e holle. Dêr hawwe se hechtings yn dien. Syn hiele nekke hat er ek knieze." Neffens Zwaga giet it no nei omstannichheden goed mei de man.

Foto: Gerrit Harmen Rypma

Zwaga is bliid dat der gjin oare slachtoffers of minsken by belutsen wiene. Mar hoe koe it no eins barre? "Hy gie achteroer lizzen yn stee fan foaroer yn de skoat. Hy hie net yn de gaten dat de skoat ûnder him lei. Doe kaam de gyk deryn en klapte de skoat him omheech, presys oer syn holle hinne. Doe kaam it tou wer werom en dy klapte him wer werom nei it dek ta", beskriuwt Zwaga.

Gjin libben

"Doe wie der efkes gjin libben mear. Dêr skrikst hiel bot fan." It ûngelok waard gelokkich gau ynbelle. "Se wiene ek samar by ús. Dan wurde je goed fersoarge."

Ulbe Zwaga oer it ûngelok

(advertinsje)
(advertinsje)