Do fljocht mear as 120 km de oere: "Dy hie in aai foar de kont. Dy woe nei hûs!"

12 aug 2019 - 20:36

It waaide dat it rikke ôfrûne wykein. Mar dochs waarden der yn België dowen loslitten foar in wedstriid. Ien fan de dowen fan Auke Klooster fan Easterwâlde fleach mei 120 kilometer de oere nei hûs ta: in rekôrtempo!

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Auke Klooster oer syn rappe do

"In snelheid fan mear as 2.000 meter de minút, dat is net normaal. Fansels, it waaide hurd, mar dizze hie ek in aai foar de kont. Dy fleach yn ien streek nei hûs. De oare fleane earst eefkes troch en bûgje dan werom, mar dizze net. Dy moast it aai kwyt."

Neffens Klooster soe it wol goed wêze dat der better sjoen wurdt nei de ekstreme waarsomstannichheden yn de dowesport. "Doe't we dy hjitteweach hiene is der gewoan flein, wylst dat eins net soe boppe de 30 graden. Trouwens, troch de hurde wyn fan dit wykein binne der ek wer protte jonge dowen fuortrekke en dat is skande. Mar dit wie in folwoeksen do, dy rêdt har dan wol."

Auke Klooster oan it wurd

Trefwurden: 
Easterwâlde do dowehâlder
(advertinsje)
(advertinsje)