Anne Tauber oproppen foar WK mountainbiken

12 aug 2019 - 19:40

Mountainbiker Anne Tauber út Oranjewâld is oproppen foar it WK mountainbiken yn it Kanada. Bûnscoach Gerben de Knegt makke moandei syn seleksje foar de wrâldkampioenskippen bekend. It WK fynt plak fan 28 augustus oant en mei 1 septimber yn it Kanadeeske Mont-Sainte-Anne.

Foto: www.orangepictures.nl

Neist Tauber sille Anne Terpstra en Sophie von Berswordt Nederlân fertsjintwudigje. By de manlju is der keazen foar Milan Vader.

Trefwurden: 
WK Anne Tauber mountainbiken
(Advertinsje)
(Advertinsje)