Helmholt wer oer 20 meter

© awfoto.nl
Fierljepper Bart Helmholt hat woansdei de wedstriid yn Gryptsjerk op syn namme set. Hy sprong opnij oer de 20 meter (20.13) en wie dêrmei fierwei de bêste. Thewis Hobma waard mei 18.20 twadde en kaam dus net yn de buert fan de ôfstân fan Helmholt.
By de froulju gie de deititel nei Hiske Galama (14.91), Sytse Bokma (18.11) wûn by de junioaren en by de jonges wie Bobby Zwaagman (17.56) de sterkste. Sneon komme de ljeppers wer yn aksje, dan op de skânsen fan Drylts.