Andrzej Piotr Mazurczak tsiende nije spiler Aris

12 aug 2019 - 18:57

Ljouwerter basketbalklup Aris hat mei Andrzej "Andy" Piotr Mazurczak syn tsiende spiler kontraktearre. Aris wie op 'e syk nei in bedreaune point-guard en seit dy fûn te hawwen yn de 25-jierrige Mazurczak.

Andrzej Piotr Mazurczak - Foto: Aris

De 1.88 lange Poalske Amerikaan hat in skoft foar Kavala spile, op it twadde nivo yn Grikelân. Ek spile hy yn de Dútske Pro-A foar Chemnitz 99 en it ôfrûne seizoen foar Cáceres op it twadde nivo yn Spanje.

(advertinsje)
(advertinsje)