Doarpsbelangen Ferwert-Hegebeintum komt mei plan foar eardere gemeentehûs

12 aug 2019 - 18:45

In kombinaasje fan in regionaal beleefsintrum, in hotelfunksje en in tal apparteminten: dat soe de bêste ynfolling wêze foar it eardere gemeentehûs fan Ferwert. Dat fynt de feriening fan doarpsbelangen Ferwert-Hegebeintum.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

It gemeentehûs ferlear syn funksje by de weryndieling wêrby't Ferwerderadiel opgie yn de nije gemeente Noardeast-Fryslân. It bestjoerssintrum yn it doarp wurdt sûnt dy tiid noch wol foar in part brûkt foar wat gemeentlike taken, mar der moat al in nije ynfolling foar socht wurde. It gebou bestiet út in monumintaal part en in lettere oanbou.

Neffens Sjak Papma fan doarpsbelangen is de neamde kombinaasje it meast kânsryk. Yn september sil doarpsbelangen yn petear mei de gemeente yn de hoop dat dan foar 1 jannewaris dúdlik is, wat der definityf barre sil mei it markante gebou yn it hert fan it doarp.

Ferslachjouwer René Koster yn petear mei Sjak Papma fan Doarpsbelangen Ferwert-Hegebeintum

(advertinsje)
(advertinsje)