Opnij tekoart by Harmonie

05 jul 2012 - 06:20

Stedsskouboarch de Harmonie yn Ljouwert moat reorganisearje omdat opnij tekoarten fan inkele tonnen driigje. De gemeente Ljouwert easket fan de direksje nije besunigingsmaatregels om te tekoarten te beheinen. De lèste jierren hat de gemeente 1,3 miljoen bydroegen om de ferliezen te dekken. Yn 2010 hie de skouboarch in tekoart fan mear as in heal miljoen. Ferline jier noch is der flink besunige om net yn de reade sifers te kommen. It ferwachte tekoart foar dit jier wurdt rûsd op 127.000 oant trije ton.

Trefwurden: 
De Harmonie
(advertinsje)
(advertinsje)