Muzykteäterfoarstelling TITUS nominearre foar award

12 aug 2019 - 17:42

Muzykteäterfoarstelling TITUS, oer it libben fan Titus Brandsma, is nominearre foar de Musicalworld Awards yn de kategory Beste Regionale Musical. By dizze ferkiezing komme alle profesjonele Nederlânske en Flaamske produksjes yn oanmerking foar in nominaasje.

Foto: Titus

De awards fan dit seizoen binne foar produksjes dy't tusken 1 july 2018 en 1 july 2019 yn premjêre giene. Der wurdt gjin ûnderskied makke tusken grutte en lytse produksjes.

Trend

TITUS fan Stichting 754 is nominearre yn in nije kategory: Beste Regionale Musical. It soe de ôfrûne jierren nammentlik in trend wêze om regionale muzykteäterstikken te produsearjen. Yn totaal binne der tsien kategoryen en foar eltse kategory binne der maksimaal fiif nominearren.

Stimme kin hjir. De winners wurde yn de earste wike fan septimber bekend makke.

(advertinsje)
(advertinsje)