Nije iishockeykompetysje: UNIS Flyers no ek tsjin Dútsers

12 aug 2019 - 17:00

Der komt in nije iishockeykompetysje dêr't ek de UNIS Flyers fan It Hearrenfean oan meidwaan sille. Yn de kompetysje, de Inter Region Cup, docht in mjuks fan Nederlânske, Belgyske en Dútske klups mei.

Martijn Oosterwijk - Foto: www.orange-pictures.nl

It wurdt in heale kompetysje mei yn totaal tolve klups: seis út Dútslân, trije út België en trije út Nederlân, wêrunder dus de Flyers.

Reden foar de nije kompetysje is dat der minder klups meidogge oan de BeNe League. Mei de Inter Region Cup binne de klups wis fan mear wedstriden. "We hawwe foarich jier yn petear west mei in oantal lytse klups. Dy seine dat it wol moai wêze soe om wat op te setten dêr't we de kompetysje wat breder mei meitsje kinne", leit Flyers-foarsitter Henk Hoekstra út.

Ut Noardryn-Westfalen

De seis Dútske klups komme út de Liga West út de dielsteat Noardryn-Westfalen. It giet om Diez, Dinslaken, Hamm, Herford, Neuss en Neuwied.

De Nederlânske klups binne, njonken de Flyers, Geleen en Nijmegen. Herentals, Leuven en Luik fertsjintwurdigje België.

UNIS Flyers-foarsitter Henk Hoekstra

(advertinsje)
(advertinsje)