Frou ferwûne nei't se op Flylân fan hynder falt

12 aug 2019 - 16:59

In frou fan 71 jier is moandeitemiddei ferwûne rekke nei't se yn de bosk op Flylân fan in hynder fallen is.

Foto: Srfotografie

Hoe't it ûngelok barre koe, is net dúdlik. De frou hat in hurde klap makke en dêrom is de traumahelikopter fan Eelde nei it Waadeilân flein.

It ambulânsepersoniel hat de frou holpen, stabilisearre en nei it helikopterplak op it eilân brocht. Dêr hat de traumadokter har behannele en letter is se oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Flylân traumahelikopter
(advertinsje)
(advertinsje)