Sportcast: "It komt hielendal goed mei Cambuur, echt"

12 aug 2019 - 16:32

"Cambuur stiet nei trije wedstriden mei nul punten. Mar dochs: it komt goed, echt. We prate wol wer yn april." Cambuur-ferslachjouwer Geert van Tuinen is entûsjast oer de mooglikheden fan Cambuur. Tsjin De Graafschap wie it noch net goed en ferlear Cambuur mei 2-0. We prate deroer yn dizze Sportcast mei ferslachjouwers Roelof de Vries, Arjen de Boer en Geert van Tuinen.

Foto: Omrop Fryslân

Sportcast Diel 3: Cambuur, Hearrenfean en it FK Fierljeppen

De podcast is ek te beharkjen op Spotify en yn de podcast-apps.

Cambuur ferlear fan De Graafschap. Dochs is Arjen de Boer hielendal net sa negatyf. "De earste helte stie it eins bêst goed. Oant dy rottige penalty. Dat wie fansels neat."

Henk de Jong krige in applaus fan de supporters fan De Graafschap en waard mei spandoeken betanke. Geert van Tuinen: "Ik ha dêr net safolle mei. Ik fûn it wat respektleas." Ferslachjouwer Roelof de Vries is it dêr net mei iens: "Der stie 'Een goed mens' op. Dat is dochs in moaie tekst? Dat moatte je krekt wurdearje."

Foto: Omrop Fryslân, Björn Brouwer

Hearrenfean hat gjin plan-B.

Arjen de Boer

Sportklup Hearrenfean dan: de ploech fan Johnny Jansen pakte thús in punt tsjin Feyenoord: 1-1. "Hearrenfean spile net geweldich, mar it stie wol goed", seit Arjen de Boer. "Ferdigenjend wie it goed en Faik falt my echt posityf op. Mar dy spits, Odgaard, dat is it noch net hin? Se ha ek gjin plan-B. Gjin Camataru of Harris Huizingh of sa. Ik snap wol dat Johnny Jansen der noch in twadde spits by ha wol. Mar it is wol echt moai dat dy jonge jonges meidogge. Ras en Van der Heide no. Dat is hiel goed foar de ûntwikkeling."

Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen yn dizze podcast jo eltse moandei by oer al it sportnijs. Presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar, mar dit kear even net.

(advertinsje)
(advertinsje)