Daan (7) docht mei oan Trihartlon "voor andere kinderen die nog wel ziek zijn"

12 aug 2019 - 16:26

It is de perfekte ôfsluter fan in minne tiid foar de sânjierrige Daan van Driesten en syn heit Sander fan De Knipe. Se sille op 25 augustus meidwaan oan de Trihartlon yn Emmeloord, om jild op te heljen foar de Hartstichting. Doe't Daan trije jier âld wie, moast hy operearre wurde oan syn hert. In pear wiken lyn is er genêzen ferklearre.

De Trihartlon bestiet út 250 meter swimme, 10 kilometer fytse en 2,5 kilometer drave. Daan en Sander binne op it stuit hurd oan it trainen. "Ik ben weer beter. Zo kunnen we ook andere kinderen helpen die nog niet beter zijn", fertelt Daan. En as it dochs te swier wurdt, kinne se harren oan elkoar oplûke. "Als ik niet meer kan zwemmen, klim ik bij papa op de rug!"

"Zo kunnen we ook andere kinderen helpen die nog niet beter zijn"

Daan oer de Trihartlon

By de berte fan Daan hearden dokters in lytse rûs by syn hert. Dat bart faker, mar it moat wol yn de gaten hâlden wurde. Elk heal jier moast Daan foar kontrôle nei it sikehûs. By in gruttere kontrôle, doe't er trije jier wie, die bliken dat der allegear gatsjes yn it tuskenskot fan syn boezem sieten. Dat moast operearre wurde. "Dat was een hele spannende periode. Onze kleinste dochter werd net een jaar, we zouden op vakantie en een paar dagen daarna zaten we in het UMC in Groningen. Daar hebben we tweeënhalve week gezeten."

De operaasje sels duorre fjouwer oeren. Fan alle lytse gatten waard ien grutter gat makke, sa grut as in euromunt. Dêrnei is it gat opfolle mei hertflues. "Daan heeft bij mij op schoot de narcose gekregen. Dat was een heel heftig moment, dat hij in slaap valt en ik de operatiezaal uit moest."

Daan en Sander by harren fytsen - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Nei de operaasje moast Daan noch altyd weromkomme foar kontrôles, mar it seach der gelyk al goed út. No, fjouwer jier letter, is er hielendal genêzen ferklearre. "We zien dit ook als een afsluiter. Daan is beter en zo kunnen we andere kinderen helpen. We weten zelf hoe heftig het kan zijn", leit Sander út.

De heit en soan sykje no sponsoaren om jild op te heljen foar de Hartstichting. Minsken dy't donearje wolle, kinne dat dwaan fia de Trihartlon-webpagina fan Daan en Sander.

(advertinsje)
(advertinsje)