Leararen fuort yn Kollumerlân

04 jul 2012 - 21:36

Fjouwer ûnderwizers oan basisskoallen yn Kollumerlân ferlieze harren baan as gefolch fan de finansjele problemen by de ûnderwiiskoepel VCBO Kollumerlân. It giet om leararen mei in tydlik kontrakt. De feriening moat slim besunigje om't de tekoarten oprinne. Der is de lèste jierren oardel miljoen euro út de reserves ferbrûkt. It bestjoer is koartlyn opstapt fanwege krityk op de fergoedings foar harren wurk. It fuortgean fan de fjouwer learkrêften betsjut dat de klassen grutter wurde, al wurdt besocht dêr noch wat oan te dwaan.

It fuortgean fan ynterim-direkteur Johan Verstappen smyt ek in besparring op, want dy funksje komt net werom.

(advertinsje)