UPDATE: Sikke Heerschop slacht ta yn Grutte A, Waaksdom diskwalifisearre

12 aug 2019 - 16:05

Skipper Sikke Heerschop hat mei de Wylde Wytse de twadde wedstriid yn de Grutte A-klasse fan it IFKS-skûtsjesilen wûn. Op de Hegemer Mar kaam Heerschop foar Froukje Osinga (Jonge Jasper) en Klaas Kuperus (De Zes Gebroeders) oer de streek.

It Doarp Eastermar fan skipper Geale Tadema, dat snein op De Fluezen noch de rapste wie, waard moandei sechsde. Jeroen de Vos fan Eelkje II waard op it thúswetter fiifde.

Goede start Heerschop

Heerschop wie goed út de start en lei sawat de hiele wedstriid by Heech foarop. Tadema starte net goed, mar pakte letter noch wol wat plakken werom.

It hiele fjild koe Heerschop net mear bedrige, hy gie soeverein nei de finish. Kuperus, Ulbe Zwaga (Waaksdom) en Jaap Hofstee ('t Swarte Wief) striden mei-inoar om in plakje op it poadium fan de dei. Zwaga (nei in rûntsje fanwegen protest) en Hofstee foelen fuort.

Protest

Der wie noch sprake fan protest tusken nûmer twa Jonge Jasper en nûmer acht Waaksdom. De protestkommisje hat Jonge Jasper gelyk jûn. Dat betsjut dat Waaksdom diskwalifisearre is en 17 punten krijt. Dêrtroch falt Waaksdom út de útslach en skowe alle skûtsjes dêrûnder in plakje omheech.

Utslach Hegemer Mar

Skipper Skûtsje
1 Sikke Heerschop Wylde Wytse
2 Froukje Osinga Jonge Jasper
3 Klaas Kuperus De Zes Gebroeders
4 Tony Brundel Lytse Lies
5 Jeroen de Vos Eelkje II
6 Geale Tadema It Doarp Eastermar
7 Walter de Vries De Goede Verwachting
8 Wytse Heerschop Woeste Ånne
9 Jaap Hofstee 't Swarte Wief
10 Floriaan Zwart Ut en Thús
11 Merijn Olsthoorn Emanuel
12 Arjen de Jong Grytsje Obes
13 Gerrit Huisman Ut 'e Striid
14 Jilles Bandstra Lonneke
15 Ron Syperda Ale
16 Ulbe Zwaga Waaksdom (diskwalifisearre)
(advertinsje)
(advertinsje)