Fryslân Fêstlein: "Ik hou enorm van het platteland en de rust die dat met zich meebrengt"

12 aug 2019 - 15:55

'Fan wettereanst yn Boarnsweach oant in persoanlike oerwinning op It Amelân.' Dizze simmer sammelet Omrop Fryslân foar de simmerrige Fryslân Fêstlein de moaiste fakânsjefoto's. Diskear binne wy op besite by Eline van Duuren, dy't al sûnt har jongste jierren yn Dolsterhuzen oan it wurk is yn har fakânsje.

Eline giet al 12 jier mei har famylje nei de buorkerij yn Dolsterhuzen. "Ik hou enorm van het platteland en de rust die dat met zich meebrengt. In Gouda hebben we ook een mooie omgeving, maar het is fijn om ook eens de rust op te zoeken."

Fryske mem

De famylje Van Duuren hat in konneksje mei Fryslân. "Mijn moeder komt uit Friesland en mijn zus en ik wilden graag weten waar zij vroeger is opgegroeid. We besloten enkele jaren geleden dus om in Friesland onze vakantie te besteden en zijn er eigenlijk nooit meer weggegaan."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Je hoort dan de magen allemaal geluiden maken, terwijl je zelf in het stille weiland ligt. Dan is het voor mij echt vakantie.

Eline van Duuren

Kokrûpe

"Ik vier niet alleen vakantie in deze provincie, maar help ook actief mee op de boerderij", fertelt Eline grutsk. "Ik ben koeknuffelinstructrice. Dat houdt in dat ik groepen begeleid met het koeknuffelen, dat op deze boerderij wordt aangeboden."

Minsken kinne harren ynskriuwe om in ko te krûpen. "Het is dan belangrijk om rustig naar de koe te lopen, zodat deze niet van slag raakt. Daarna kun je er heerlijk tegenaan liggen."

Absolute fakânsjegefoel

Foar Eline is kokrûpe it absolute fakânsjegefoel. "Zodra ik bij een koe lig, kom ik echt tot rust. Je hoort dan de magen allemaal geluiden maken, terwijl je zelf in het stille weiland ligt. Dan is het voor mij echt vakantie."

Eline van Duuren oer har fakânsjefoto

Moaiste oantinken

Eline hat al in protte belibbe op de buorkerij. "Maar het allermooiste wat ik hier meegemaakt heb, is de geboorte van een kalf. Dat maakte ik van dichtbij mee en dan pas zie je hoe bijzonder dat is. Dat de natuur zijn werk doet en dat er alles op en aan zit bij het beestje."

It is de reade ko fan de foto: "Ik heb dat kalf toen de fles gegeven en ieder jaar zie ik deze weer terug. Je ziet het groeien in een volwassen koe. Dat maakt het extra speciaal."

'Fryslân Fêstlein'

Hawwe jo ek in bysûndere foto fan in fakânsje yn Fryslân? Lit it ús witte! Stjoer jo foto en ferhaal nei foto@omropfryslan.nl.

(advertinsje)
(advertinsje)