Medisch Centrum Leeuwarden krijt nije organisaasjestruktuer

12 aug 2019 - 15:29

Sikehûs MCL yn Ljouwert feroaret mei yngong fan oktober syn organisaasjestruktuer. It sikehûs krijt seis saneamde soarchienheden. It MCL is ien fan de earste sikehuzen yn Nederlân dat sa'n organisaasjemodel yn de praktyk bringe sil.

Foto: Omrop Fryslân

Yn dy soarchienheden binne ferskillende spesjalismen gearfoege. It giet om de primêre soarchienheden Snijdend, Beschouwend, Acuut, Oncologie, Hart-vaat en Vrouw-moeder-kind.

De soarch foar pasjinten stiet yn it nije systeem sintraal, seit it sikehûs. De organisaasje dêrfan spilet him benammen achter de skermen ôf, mar de ferwachting is dat de kwaliteit fan de soarch ferbetteret, trochdat dy no boppe de organisaasjestruktuer steld wurdt.

(advertinsje)
(advertinsje)