Grutte Pier en Sterke Jerke pakke twadde deiwinst yn IFKS

12 aug 2019 - 15:28

Henk Regts fan de Grutte Pier (C-klasse) en Pieter-Jilles Tjoelker fan de Sterke Jerke (B-klasse) ha har goede start fan de IFKS in goed ferfolch jûn. Nei't se beiden snein al as earste finishten op De Fluezen, waarden se moandei op de Hegemer Mar wer earst. Andries Brouwer yn de Lytse A wie snein earste en waard moandei twadde.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Mei de twa oerwinningen giet Henk Regts mei de Grutte Pier logyskerwiis ek oan kop yn it klassemint, no mei 1,8 punten.

Harmen Brouwer fan de Drie Gebroeders waard moandei twadde by Heech en stiet no ek twadde yn it klassemint.

Steven Zijsling fan de Striidber stiet tredde: hy folge syn twadde plak fan snein op mei in fjirde plak moandei.

Skipper Paul Wassink fan de Lege Wâlden waard moandei tredde en stiet fjirde yn it klassemint.

C-klasse nei Hegemer Mar

1 Henk Regts 1,8
2 Harmen Brouwer 5,0
3 Steven Zijsling 6,0
4 Paul Wassink 7,0
5 Mark de Koe 10,0
6 Tim Roosgeurius 12,0
7 Jelle Bekkema 15,0
8 Gerrit de Vries 17,0
9 Floris Bottema 22,0
10 Cees Riezebos 24,0
11 Jan van der Veen 25,0
12 Alisa Stekelenburg 27,0
13 Bouke van der Vaart 28,0
14 Kees van der Kooij 30,0
15 Jitske Visser 31,0

Pieter-Jilles Tjoelker bliuwt oan de lieding yn de B-klasse. Nei't er snein mei de Sterke Jerke de sterkste wie op de Fluezen, wie er dat moandei op de Hegemer Mar ek.

Sijmen Kalsbeek fan de Raerder Roek waard moandei twadde. Hy klimt dêrmei nei it tredde plak yn it klassemint, nei it njoggende plak fan snein.

De Ora et Labora fan skipper Sietse Broersma kaam moandei as tredde oer de streek. Dat skûtsje bliuwt yn it klassemint twadde stean.

Bas Krom is mei de Verwisseling sakke nei it sechsde plak yn it klassemint, nei't er moandei tsiende wurden is.

B-klasse nei Hegemer Mar

1 Pieter-Jilles Tjoelker 1,8
2 Sietse Broersma 5,0
3 Sijmen Kalsbeek 11,0
4 Wietse Bandstra 11,0
5 Hartman Witteveen 12,0
6 Bas Krom 13,0
7 Rein Wiebe Leenstra 13,0
8 Daan van der Meer 14,0
9 Thomas de Boer 16,0
10 Jeroen Sijtsma 19,0
11 Erik Jonker 22,0
12 Jan Overwijk 24,0
13 Simon van der Lingen 26,0
14 Koos Lamme 26,0
15 Remy de Boer 27,0

Yn de Lytse A gie de oerwinning moandei nei Age Bandstra en de Avontuur. Nei it njoggende plak fan snein is de Avontuur no klom nei it fjirde plak yn it klassemint.

Klassemintslieder bliuwt De Reuzen fan Andries Brouwer. Dat skûtsje wûn snein noch en waard moandei op de Hegemer Mar twadde.

It tredde plak fan moandei wie foar skipper Harm van der Weiden fan de Eemlander. Hy stiet no tredde yn it klassemint.

It Abbegeaster Skûtsje fan Henk Frankena stiet noch op it twadde plak yn it klassemint, nettsjinsteande in minder resultaat moandei. Op de Hegemer Mar waard er sechsde.

Lytse A nei Hegemer Mar

1 Andries Brouwer 2,9
2 Henk Frankema 8,0
3 Harm van der Weiden 8,0
4 Age Bandstra 9,9
5 Pieter Jansma 10,0
6 Tsjibbe van der Veer 11,0
7 Sander Meeter 13,0
8 Martijn Kleintjens 15,0
9 Brandt de Vries 20,0
10 Geale Postma 27,0
11 Herke Boskma 28,0
12 Johannes de Vries 30,0
13 Sikke Tichelaar 31,0
14 Chris van den Berg 33,0
15 Hans Brakkee 33,0
16 Jochem van der Vaart 35,0
17 Koos van Drunen 36,0
18 Bernd de Cneudt 38,0
(Advertinsje)
(Advertinsje)