Training F-16-fleaners yn Ljouwert wer begûn

Nei in simmerstop fan twa wike begjinne F-16-fleaners út Nederlân, België en Portugal dizze wike wer mei harren training op de fleanbasis yn Ljouwert.
© Fleanbasis Ljouwert
De training is bedoeld om jachtfleaners te learen hoe't se allerhande wapensystemen brûke kinne. En se leare ek hoe't se har eigen kennis wer oerdrage kinne op kollega's.
Foar de training oefenje se de kommende moannen in soad boppe lân, mei sabeare doelen op de grûn. De oefengebieten lizze boppe in grut part fan Fryslân en ek in stik boppe Drinte. De training duorret oant novimber.