Undersyk nei gefolgen gaswinning boppe Skiermûntseach

12 aug 2019 - 15:05

Gasprodusint ONE-Dyas lit ûnôfhinklik ûndersyk dwaan nei de gefolgen fan de gaswinning boppe Skiermûntseach. De miljeu-effektrapportaazje moat útwize watfoar ynfloed de boarringen ha op it miljeu.

Foto: Rijkswaterstaat

Ferline jier simmer waard bekend dat de gasprodusint in winningsfergunning oanfrege hat foar it gasfjild. De miljeu-effektrapportaazje dy't se no oankundigje is wetlik ferplicht by sa'n projekt.

Hoefolle gas sit deryn?

It gasfjild, dat tweintich kilometer boppe Skiermûntseach leit, waard yn septimber 2017 ûntdutsen. In proefboarring yn febrewaris ferline jier wiisde út dat der in 'winbere hoemannichte' yn de grûn sit. Hoefolle krekt, kin ONE-Dyas net sizze. ONE-Dyas hjitte eartiids Oranje-Nassau Energie.

Yn de omjouwing fan it haadfjild by Skiersmûntseach lizze noch in pear lytsere gasfjilden. De gasprodusint wol yn totaal tolve putten slaan boppe it waadeilân. By dy oare fjilden moat noch wol oantoand wurde oft der winber gas yn de grûn sit. Ien fan dy gasfjilden leit ûnder Dútsk grûngebiet.

Gefolgen Natura 2000-gebieten

It ûndersyk nei de gefolgen fan de gasboarringen foar it miljeu wurdt útfierd troch Royal HaskoningDHV. It rapport sil beskriuwe watfoar gefolgen de gaswinning ha sil foar neiste Natura 2000-gebieten yn Nederlân en Dútslân en in oesterbank fan it Wereld Natuur Fonds yn de buert fan it gasfjild.

Foar minsken dy't mear oer de plannen witte wolle, binne der ynformaasjejûnen: ien yn Roodeschool, ien op Borkum en ien op Skiermûntseach.

In sjochwize yntsjinje oer de plande gaswinning kin oant 12 septimber. De miljeu-effektrapportaazje, ferskate dielstúdzjes en de oanfragen foar fergunningen wurde nei ferwachting ein 2019 yntsjinne troch ONE-Dyas.

(advertinsje)
(advertinsje)