Sporters oerdroegen oan NOC

04 jul 2012 - 21:13

Alle Nederlânske dielnimmers oan de Olympyske Spelen binne woansdei offisjeel oerdroegen oan it NOC*NSF. Dat barde yn de RAI yn Amsterdam.

Sa'n 180 sporters wiene oanwêzich by de oerdracht, wêrûnder fansels ek in tal Fryske sporters, lykas siler Pieter-Jan Postma en turner Epke Zonderland. De Olympyske Spelen begjinne oer 23 dagen yn London yn it Feriene Keninkryk.

(advertinsje)
(advertinsje)