Sporthallen oer nei ferienings

De gemeente Dantumadiel wol twa sporthallen tenei beheare litte troch sportferienings. It kolleezje wol sa besunigje op it behear fan de hallen. It giet om de sporthallen yn Feanwâlden en De Westereen. Al mei al moat de gemeente de kommende jierren in lytse twa ton besunigje op sport.
Om dat te heljen binne al 2 fte's skrast by de sporthallen yn Dantumadiel, mar dat is noch net genôch. Yn stee fan ien fan de hallen te sluten, wurdt in berop dien op de ynwenners. Nei de simmer praat de gemeenteried oer de plannen.