Tunen út de 19e ieu

04 jul 2012 - 19:08

80 Fryske tunen krije ynkoarten besite fan de Ryksuniversiteit Grins. It giet om tunen dy't oanlein binne troch Gerrit Vlaskamp dy't fan 1834 oant 1906 libbe. Yn totaal binne der 320 Vlaskmap-tunen yn Fryslân. Dat hat de inisjator fan en motor achter dit projekt Aly van der Mark útsocht.

Wat der yn dy tunen ea plante is, stiet allegear noch op papier. No wurdt útsocht wat dêrfan noch werom te finen is. Dat is wichtich omdat noch net in hiel soad bekend is fan dy perioade.

De start fan de ynventarisaasje wie woansdeitemiddei yn Stiens dêr't in stege de namme Gerrit Vlaskampstege krige. Fierder wie der in besite oan ien fan de twa Vlaskamp-tunen yn it doarp.

Trefwurden: 
tún Gerrit Vlaskamp tunen
(advertinsje)
(advertinsje)