Warskôging foar swier waar

04 jul 2012 - 18:49

Waarman Pyt Paulusma warskôget foar swier waar tongersdei. De dei begjint earst tige waarm. Letter yn de middei kin dat lykwols omslaan nei min waar mei kâns op tongerbuien. Yn dy buien kinne ek hagel en swiere wynstjitten foarkomme.

Net oeral wurde de buien like swier, mar it ferkear en de wettersporters moatte der wol rekken mei hâlde.

Trefwurden: 
warskôging waar
(advertinsje)
(advertinsje)