Westra wol losse ritten winne
Hurdfytser Lieuwe Westra sil him fan no ôf net mear rjochtsje op it algemien klassemint fan de Tour de France, mar op de yndividuele ritten. Dat seit de manager fan syn team, Daan Luijkx.
Westra einige tiisdei, nei in falpartij, as 123e. Dêrmei kin er in heech plak yn de Tour ferjitte en dus sil er him no rjochtsje op it winnen fan losse ritten.