Harns net nasjonale haven

04 jul 2012 - 17:00

De haven fan Harns fertsjinnet noch net de status fan nasjonale haven. Dat sei minister Schultz van Haegen woansdei yn de Twadde Keamer. De minister hat oare havens, lykas dy yn Delfsyl, wol dy status jûn. CDA-keamerlid Sander de Rouwe woe fan de minister witte wêrom't de Harnzer haven net de nasjonale status krijt.

Neffens de minister is Harns in moaie haven, mar binne de aktiviteiten dêr noch te lyts. Mooglik kin de haven yn de takomst wol de hegere status krije.

Trefwurden: 
Harns haven
(advertinsje)
(advertinsje)