Opskuor oer bouplan Skylge

04 jul 2012 - 16:45

Op Skylge is opskuor oer in bouplan fan projektûntwikkeler Segesta út Alkmaar. Dy hat in oanfraach yntsjinne foar de bou fan in appartemintekompleks oan de râne fan it Griene Strân op West. Der wurdt tocht oan trije boulagen. Om dat te kearen is wol in aksjegroep stipe krije fan de eilanners. It bestimmingsplan moat wol oanpast wurde.

Wethâlder Spanjer wol it plan nei de simmer yn de ried besprekke. Neffes him moat de ried bepale of it plan yn prosedure giet.

De wethâlder fynt it spitich dat de saak no al op de spits dreaun wurdt, foaral om't de aksjegroep wichtige details net op de goede wize presintearret en dat makket in diskusje hast net mear mooglik.

Trefwurden: 
Skylge
(advertinsje)