Minder skoalferlitters yn 2015

04 jul 2012 - 16:37

It tal learlingen dat yn Noard-Fryslân sûnder diploma fan skoalle giet, moat oer trije jier de helte minder wêze. Yn Ljouwert en omlizzende gemeenten giene foarich skoaljier 622 bern sûnder diploma fan skoalle. Yn 2015 mei dat fan it ministearje fan ûnderwiis noch mar 350 wêze. De Fryske skoallen freegje dêr 2,1 miljoen euro foar.

In grut diel fan it jild giet nei it Rebound-trajekt. Dêrby wurde probleemlearlingen yn in aparte klasse taret om werom nei skoalle te kinnen of it eksamen te heljen.

Trefwurden: 
skoalferlitters
(advertinsje)
(advertinsje)