Mei selsboud tastel delstoart

04 jul 2012 - 16:24

In Ljouwerter (21) is tiisdeitejûn by Enschede delstoart mei in lyts fleantúchje. Hy rekke net ferwûne. De man hie it tastel sels boud fan in trijetsjiller, in deltaskerm en in propellor dy't parasailers op har rêch bine om mei de loft yn te gean. De man hie de motor mei tape oan it frame fêstmakke. De motor fleach yn 'e brân doe't er mei it bouwurk de loft yn gie.

De plysje wit net hoe heech oft de man mei it tastel kaam is. It tastiel foldie neffens de plysje net oan de loftfeartregeljouwing.

It Iepenbier Ministearje moat bepale hoe't de saak fierder ôfhânnele wurdt. Oft it by in boete bliuwt of dat er foar de rjochter komme moat.

Trefwurden: 
selsboud fleantúch
(advertinsje)