Masinist yn gefjocht mei persoan op spoar tusken Snits en Warkum

It treinferkear tusken Snits en Warkum hat moandei oan it begjin fan de middei koarte tiid stillein, trochdat der immen op it spoar rûn. De masinist sette de trein stil doe't er de persoan seach en stapte út. De ferkearslieding fan ProRail fermeldt op Twitter dat der doe in gefjocht ûntstie.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De plysje waard oproppen en hat de persoan dy't yn gefjocht wie mei de masinist oanhâlden. Dêrnei koe de trein wer fierder.
It treinferkear hat ûngefear in kertier stillein en twa treinritten binne útfallen.