Wurk oan de sneldiken A31, A7 en de N31/A31

Wa't tusken 19 augustus en 3 oktober yn it westen fan Fryslân oer de sneldyk wol, moat rekken hâlde mei fertraging troch wurk oan de dyk. Rykswettersteat wurket oan de A31 by Harns, de A7 tusken Wytmarsum en Surch en oan de N31/A31 tusken Surch en Marsum.
De N31 tusken Harns en Surch © Google Street View
By de wurksumheden binne beide rydbanen fan de N31 elk ien wykein ticht foar it ferkear. Tusken Surch en Harns is de dyk ticht fan freed 20 septimber oant moandei 23 septimber, yn de tsjinoerstelde rjochting in wike letter.
Fierder giet it benammen om op- en ôfritten fan de ferskate sneldiken. Sa binne op- en ôfritten fan de A31 by Hans, Marsum en Dronryp ticht. Itselde jildt foar de A7 by Wytmarsum.
By de ôfslutingen fan de op- en ôfritten wurdt it ferkear lokaal omlaat. De wykeinen dat de N31 ticht is, kin it ferkear oer de N359.
Mei it ûnderhâldswurk ferfangt Rykswettersteat ûnder oare it asfalt. Fierder wurdt der wurke oan de 'geleiderails' en de berms.