Beitske Visser oer Fryske flagge op it poadium: "Ik wist niet dat ze het gefixt hadden"

12 aug 2019 - 13:39

Autokoereur Beitske Visser fan Twellingea is spitigernôch twadde wurden yn it einklassemint fan de W Series, mar der wie wol in ferrassing foar Visser op it poadium. By de seremoanje hyste de organisaasje de Fryske flagge foar har.

Foto: W Series

"Normaal heb ik de Nederlandse vlag, maar ik heb laatst gezegd of ze ook eens een Friese vlag hadden", fertelt Visser. Se tinkt dat de organisaasje dat ek in goed idee fûn, want sûnder dat sy it wist wie dêr de Fryske flagge efter har te sjen.

Visser fûn it wol moai, want sy en har famylje ha in soad mei Fryslân. "Ik heb hem ook op mijn helm staan", seit se oer de Fryske flagge. "En mijn hele familie komt uit Friesland. Mijn vader heeft vroeger ook gereden en die had ook de Friese vlag op zijn helm."

Beitske Visser oer de Fryske flagge

Beitske Visser - Foto: BMW Motorsport

Visser is wol tefreden mei har twadde plak yn it einklassemint, "Ik had liever gewonnen. Over het algemeen mag ik heel tevreden zijn over het jaar en dat een tweede plek ook heel goed is."

Dit wie it earste jier dat se meidie yn de W Series en se wit noch net oft se der takom jier wer ride sil. "In principe mag ik gewoon mee doen. Ik moet alleen even kijken wat mijn plannen zijn."

Beitske rydt ek noch yn it BMW kampioenskip. "Het heeft mijn voorkeur dat ik elke week een keer rijdt, maar we moeten even de kalenders naast elkaar leggen om te kijken of het allemaal past. Dit jaar hebben we de prioriteit aan de W series gepast en de BMW ernaast gedaan. Wie weet. hopelijk kan ik het nog een jaar doen."

Trefwurden: 
W Series Beitsje Visser
(advertinsje)
(advertinsje)