Frysk rubberboatsje yn fertochte omstannichheden oankaam oan Ingelske kust

12 aug 2019 - 12:31

In rubberboatsje mei in Fryske flagge is mei acht minsken oankaam by de Ingelse kust. Op foto's fan de Britske webside The Sun is te sjen hoe't de boat op it strân fan Hastings Beach leit. De minsken litte de boat mei motor en al efter wylst se hurd fuortrinne. Neffens de webside giet it nei alle gedachten om yllegale ymmigranten.

Foto: Rubberbotenonline.nl

De rubberboat komt fan it bedriuw 'rubberbotenonline' op de Jouwer, mar hoe't it boatsje dêr telâne kaam is, is noch ûnbekend. "Wij verkopen deze rubberboten al ongeveer tien jaar", fertelt Niels IJben, mei-eigener fan it bedriuw. "Er zijn veel Friezen en ook niet-Friezen die deze boten kopen." Der binne foaral in soad Dútsers dy't ynteresse yn it boatsje hân ha. IJben: "Het werkt net zoals de Friese zwembroek. Die zijn ook erg populair."

IJben hat sels gjin idee fan hoe't de minsken oan it boatsje kaam binne. "Maar wij hebben hem niet direct aan ze verkocht", seit er. Wat mooglik wol kin is dat de minsken it boatsje twaddehânsk kocht ha.

Niels IJben, mede-eigner fan rubberbotenonline

(advertinsje)
(advertinsje)