"Snitswike in sukses, mar moat wol oars"

De Snitswike hat ek dit jier wer mear besikers lutsen as it jier derfoar. Dat seit boargemaster Jannewietske de Vries fan de gemeente Súdwest-Fryslân. It evenemint dat tsien dagen duorret, waard snein ôfsletten mei it slotkonsert oan de Looxmagracht yn Snits.
De Snitswike begjint altyd mei de tradisjonele floatskou by de Wetterpoarte © Omrop Fryslân
"De sifers per dei binne al binnen, mar we misse noch in totaaloersjoch. Ik wit dus noch net krekt hoefolle minsken as der west hawwe, mar it binne der yn elts gefal mear", sa lit de boargemaster witte. Mar it sukses betsjut net dat de Snitswike takommend jier op deselde wize trochgiet. Benammen oer de lingte fan it evenemint is in soad diskusje.
Yn it ferline duorre de Snitswike echt in wike. Sân dagen fan feest yn de stêd en silerij op de Snitser Mar. De ôfrûne jierren waard it evenemint lykwols hieltyd langer, oant de tsien dagen dy't it no duorret. Foaral de helptsjinsten wiene dêr net altyd wiis mei. It soarge foar in soad ekstra wurk foar benammen de plysje.
Dêrom pleitsje se by de gemeente foar it ynkoartsjen fan it feest. Ek oare partijen slute harren dêrby oan. Reden foar de gemeente om in aparte wurkgroep yn it libben te roppen dy't de Snitswike opnij besjen sil.

Foar alle leeftiden

"It is de bedoeling dat it in feest wurdt foar alle leeftiden en in sa breed mooglik publyk. Boppedat wolle we de silerij ek wer mear by it barren yn de stêd belûke", seit boargemaster De Vries. "Mar we sjogge wol dat dizze formule dy't we no hawwe goed wurket, dus dat sille we ek net samar loslitte. De wurkgroep sil no ek nei de resultaten fan dizze Snitswike sjen. Der binne al moai wat ideeën, mar hokker kant it út giet, is noch net bekend."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Boargemaster Jannewietske de Vries oer de Snitswike
Foar it earst yn jierren wie der dit jier gjin Garden of Dance. It dûnsfeest waard altyd hâlden yn de tún achter it stedhûs, mar trochdat dêr de boel op de skeppe giet, koe dat dit jier net. De syktocht nei in ferfangend plak slagge op it lêste momint net. Mar neffens boargemaster De Vries hat dat der dus net foar soarge dat der minder minsken nei de stêd ta kaam binne. "Der binne gewoan mear minsken kaam en dy hawwe ek allegear in goed plakje fûn. It publyk waard op in goeie wize ferspraat oer de stêd."
De Snitswike is neffens de gemeente sûnder echt grutte ynsidinten ferrûn. Der wiene wol wat lytse dingen, jout De Vries ta, mar dy binne reedlik gau oplost. "It wie gewoan in âlderwetsk gesellige Snitswike."