Blêd foar streekprodukten

04 jul 2012 - 15:26

In nij blêd moat de streekprodukten út de Wâlden by it grutte publyk ûnder de oandacht bringe. Yn it blêd komme de produsinten en de brûkers fan de streekprodukten oan it wurd. Sa steane der tips yn fan restaurants oer hoe't de lokale produkten lykas jirpels, fleis en griente brûkt wurde kinne.

It blêd is woansdei yn Ketlik presintearre. It is te krijen yn restaurants en by de VVV-kantoaren.

Trefwurden: 
streekprodukt blêd
(advertinsje)
(advertinsje)