Bier fan Grutte Pier falt wer yn de prizen

12 aug 2019 - 10:42

Bierbrouwerij Grutte Pier út Ljouwert hat fjouwer prizen wûn by de World Beer Awards yn Londen. Dy awards hjitte ek wol 'de Oscars foar bieren'.

Foto: Grutte Pier

De tripel fan Grutte Pier wûn earder de earste priis yn 2016 en 2017 en is no wer ferkeazen ta bêste Nederlânske tripel. De bock en de dûbel fan Grutte Pier binne dit jier ek de bêsten fan Nederlân. Letter dit jier meitsje de trije bieren fan Grutte Pier ek noch kâns op de ynternasjonale prizen.

(advertinsje)
(advertinsje)