Hoarekaprojekt smyt in baan op

Herrie in de Keuken
Fan de sân wurkleaze jongeren dy't in baan yn de hoareka krije koene op de Waadeilannen, is mar ien oan it wurk. De sân krigen in oplieding fia it Friesland College fia it projekt Herrie in de Keuken. Twa fan har heakken healwei ôf om't se wat oars dwaan woene. Fan de oaren hat ien sels in baan yn de hoareka op in eilân fûn. De rest docht in ferfolchoplieding, ek yn de sfear fan de hoareka.
Doel fan it projekt wie om de jongeren út har útkearingssituaasje te heljen. Utstjoerburo Waddenjobs wie ien fan de inisjatyfnimmers.