Kollum: "Stomme Italiaan"

12 aug 2019 - 08:28

"Op myn wurkkeamer hinget in foto fan in Italiaanske man op in brommerke. Hy rydt foar ús út op in sânpaadsje. Hy wiist ús de wei nei it restaurantsje ferstoppe tusken de wynranken dy't wy net fine koenen.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke Sietsma

It is ien fan de redenen wêrom't ik fan Italië hâld. It is de freonlikheid fan harren doarpsbewenners, it iten fansels, de wyn, de natuer en de rike kultuerskatten fan de machtige âlde stêden.

Ik ha it Italië-firus fan myn man Robert. Hy seit dat hy yn it ferkearde lân berne is. Roberto wit alles oer de maffia, oer de Giro, oer âld-hurdfytsers as Fausto Coppi en Marco Pantani en it Fatikaan. It iennichste wêrtroch't hy altyd troch de koer falle sil as nep-Italiaan, is dat hy te lang is om foar in echte Roberto troch te gean, en net ôfgryslik pasjonearre praat, mei lûde stim en gebearen, as makkest rûzje. Dêr bin ik folle Italiaansker yn. Fyn ik. Ik kin lûd prate. Wâldpyk he, dy kinne aardich raze.

Foarich jier brocht it Italië-firus ús nei Genua. Dêr soene we de fearboat nimme nei Sicilië. Wy hiene foar ús gesinsreis in camper fan seis meter hierd en ik soe dat ding út Fryslân wei bestjoere. Noch in reden trouwens wêrom't myn man nea in Italiaan wêze sil. Hy rydt gjin auto, noch in camper, hy docht alles mei it iepenbier ferfier. Mar Italianen binne troud mei harren auto. Se ha earder in Alfa as in frou.
Italianen tinke dat se ôfgryslik goed autoride kinne, mar binne in drama op de dyk. Altyd ien hantsje oan it stjoer, en altyd belje. Nee, ik soe wol efkes sjen litte hoe't it moat.

Wy yn de rige foar de grutte fearboat. Ik hie krekt sa linich as Epke Zonderland de grutte camper fan de bergen nei de haven fan Genua bestjoerd. Kotsmislik kamen we ûnder. We wiene prachtich op tiid en moasten lang wachtsje. De pjut wie yn sliep fallen en Roberto lei mei him boppe yn de camper sadat er der net útfalle soe as ik it bakbist it dek fan de boat opride soe.

De rige sette him yn beweging. Ik wie ien fan de lêsten dy't de boat op mocht. Ik seach de Italiaan yn syn Fiat Panda foar my, swaaien. Huh? Hy gong efterút de boat op? Ik knikte nei de feartsjinstmeiwurker. Ik wie oan de beurt. Gebeart hy no echt dat ik ek draaie moast? Efterút de fearboat op? Steil omheech?

Ja, hy gebeart it echt. En waard lilk dat ik net opskeat. Hy rôp ek fan alles mar myn Italiaansk is lang net sa goed as dat fan Roberto. Dy't dus boppe yn de camper lei. "VAI VAI VAI!", raasde de meiwurker mei syn stomme pet. JA WAT NO VAI VAI VAI, raasde ik werom. Doch efkes rêstich man, ik moat efterút skean omheech! No waard er ek noch lilk dat ik net nei him seach, mar yn myn spegels. Ik al skellend fan lilkens efterút de boat op. Ik moast op de milimeter ynparkearje, tusken in frachtwein en in oare camper mei fytsen efterop. Je kinne mear as je tinke.

De alderlêste auto dy't de boat opgong, wie in reade Ferrari. Fan in maffiabaas, pipe Roberto boppe út de camper wei.

Dit jier bliuwe wy lekker yn Fryslân. Mar ik moast wêr in fearboat opride. Nei Skylge dit kear. Wol sûnder camper. En gewoan foarút. Net omheech. It iennichste dat de fearboatmeiwurker nei my gebearde wie: 'tot hier'. Hy raasde net. Ik hoegde net te skellen. Lekker rêstich, libje sûnder passy. Allinnich jammer dat we gjin Ferrari seagen."

(advertinsje)
(advertinsje)