Doarpsbelangen Ferwert-Hegebeintum wol wenningbou en in haven op plak gebou Dockinga College

12 aug 2019 - 06:50

As it âld skoalgebou fan it Dockinga College sloopt wurdt, dan moatte der wenningen en in haventsje foar yn it plak komme. Dat sei Sjak Papma fan Doarpsbelangen Ferwert-Hegebeintum snein yn it radioprogramma Buro de Vries.

Foto: google streetview

It Dockinga College hat foar de simmerfakânsje de doarren sletten fan de fêstiging yn Ferwert en no binne der al plannen wat der mei it gebou barre moat. Neffens Papma is der in soad ferlet fan wenningen yn it doarp. "Der stiet op dit stuit in minimaal oantal huzen te keap yn Ferwert. It wiene der trije jier lyn noch sa'n 30 of 40, no binne it der mar 5 of 6." Doarpsbelang hat dêrom it plan by de gemeente yntsjinne foar seis of sân wenten.

Sjak Papma oer de plannen fan Doarpsbelangen Ferwert-Hegebeintum

Neist wenningbou hat doarpsbelang ek plannen foar in haventsje sadat minsken mei de boat troch de Ferwerterfeart yn Ferwert komme kinne. "It Dockinga College leit hiel ticht by de Ferwerterfeart", seit Papma. "It plan is dat wy de feart wat trochlûke nei de skoalle, mei bygelyks in fytspaad derneist."

Fia de feart kin it doarp ek ûntsletten wurden oer it wetter nei de Dokkumer Ie. Doarpsbelangen sil meikoarten mei de gemeente yn petear oer it plan.

It folsleine programma fan Buro de Vries is hjir werom te finen en Omrop Fryslân folge yn de rige Fuort út Ferwert it Dockinga College yn de lêste wiken foardat de doarren definityf ticht gongen.

(advertinsje)
(advertinsje)