Meardere minsken ferwûne troch oanriding yn Tjerkgaast

12 aug 2019 - 06:26

By in oanriding op de Gaestdyk yn Tjerkgaast binne snein meardere minsken ferwûne rekke. Twa auto's botsten troch noch ûnbekende oarsaak tsjin inoar.

Foto: CAMJO media / Jaring Rispens

Troch de klap bedarre ien fan de auto's op de kop yn de sleat neist de dyk. De minsken binne troch omstanners út de auto's helle en binne mei ûnbekende ferwûningen nei it sikehûs brocht.

Foto: CAMJO media / Jaring Rispens
Trefwurden: 
oanriding Tjerkgaast ûngelok
(advertinsje)
(advertinsje)